Fuort nei’t ferstjerren fan ús mem, ha ‘k alles opskreaun.
Ik wol net dat letter dingen, grutter wurde as dat se binne.
Ferhalen fan de bernsbern.
Wat is ôfskie nimmen?
Hoe giet dat?
Hoe ferrinne de dagen?
Beide âlders binne ferstoarn, wa binne jo sels.

De Proeve.
In soart “lęzing”, fan de ferhalen, mei Freark as “technyske” man.
Węrom wolst dit fertelle?
Wat wolst fertelle?


Alles wat ik spylje kin, kin as tekst skrast wurde.
Dat rommet op.
Freark en ik sette tegearre útein.
Ik sykje muzyk, om yn de goed stimming te kommen.
Muzyk wurdt de “tredde spiler”
It stik giet oer de kop en nochris en nochris.
Pieter Stellingwerf wurdt oanlutsen as regisseur.
Der is gjin budzjet, amper subsydzje.

Te optein ha ‘k al te folle minsken oer myn plannen ferteld.
Ik kin no net werom.
Miskien, krekt dęrom fertel ik it.
Der moat in P.R. plan komme.
Flyers, Posters, Theater Sneek nimt it yn premięre.
Freark sil de saaklike kant dwaan. Is him mei Zelle ek slagge.
Mar hy hat it te drok.
De premięre datum wurdt ferskood nei april 2012.
No kinne we earst ręstich mei freonen op fakânsje nei China.

Septimber.
Ik begjin wer foarsichtich oan “Jameimy” te snuffeljen.
Skriuw de definitive fersy, dy noch net sa definityf blykt te węzen,
mar dat űntdekke we repetearjende wei.
Ik ha in dekôr űntwerp makke fan in âlde doaze.
Freark begjint mei balken, houten sketten en makket in rippetysje tafel.
We geane los!!!!

Mei tank oan Pilat & Pilat




Sjoch hjir nei it fotoboek fan it untstean