Klaasje Postma begjint har loopbaan yn ‘t ûnderwiis.
Fan  1978-2006 hat se wurksum west as fêste aktrise by it
profesjonele toanielselskip Tryater te Ljouwert.
De grutste part fan de foarstellingen spile se yn Fryslân.

Se spile ferskate dragende rollen lyk as:
“Nora”, fan de skriuwer Henrik Ibsen.
“De Feint” (knecht van twee meesters), fan Carlo Goldoni.
“It Kersehôf”, fan Anton Tsjechov.
Yn “King Lear”, “Richard de Tredde”,
“Romeo en Julia”, “Midsimmernachtsdream” fan William Shakespeare.

Ien fan de lêste stikken dy ‘t se by Tryater spile wie “Rolling Home”
in stik oer har mem.
Dit hat se sels skreaun en mear as 150 kear spile,
wêrfan  ek in oantal foarstellingen yn Kanada.
Ek spile se yn ferskate  films fan Pieter Verhoeff.
“De Dream”, “Nynke” en de “De Fjoertoer”.